close
WordPress.org

Oer

Roadmap

Roadmap

WordPress ûntwikkelet him hieltyd fierder troch it Gutenberg-projekt, in langduorjende werbetinking fan hoe’t ynhâld op it web makke en beheard wurdt, mei as doel de tagong ta in sterke weboanwêzigens te ferbreedzjen foar partikulieren, makkers en moderne bedriuwen. Faze 1 yntrodusearre de Blokbewurker yn WordPress 5.0, wylst Faze 2 rjochte wie op Sidebewurking, mei as hichtepunt WordPress 6.3 mei de lansearring fan de Sidebewurker en krêftige blok-basearre ark dy’t oer in hiele side hinne tapast wurde kinne. Hjoed-de-dei is Faze 3 oan ’e gong, rjochte op gearwurkjend bewurkjen en workflows, en bringt it realtime gearwurking en soepelere publikaasjeprosessen nei WordPress. Foar mear detail oer Sidebewurking, de ûnderdielen dêrfan en oar aktyf wurk oan funksjes, ferken de Oersjoch fan funksjeprojekten.

It projekt hat de folgjende oerkoepeljende doelen foar 2026:

  • Kearnûntwikkeling & WordPress 7.0 — Leverje trije grutte releases yn 2026 mei WordPress 7.0 dat Faze 3-gearwurkingsfunksjes, mediaferwurking oan de kliïntkant, responsive stylingskontrôles en útwreide blok-ark foar mear kreativiteit en prestaasjes fierder bringt.
  • AI oeral, mei dúdlike grinzen en benchmarks — Yntegrerje AI mei opsetsin yn de hiele WordPress-ûnderfining om it meitsjen, workflows en bydragen te ferienfâldigjen — wylst der projektbrede rjochtlinen fêststeld wurde dy’t transparânsje, brûkerskontrôle en WordPress-wearden hanthavenje.
  • Meetups fernije — Fersterkje lokale meetups as aktive, praktyske mienskipsknooppunten dy’t nijkommers helpe om tegearre te learen, fertrouwen op te bouwen en troch te groeien nei betsjuttingsfolle bydragersrollen.
  • Mienskip, Underwiis, en de bydragerspipeline — Skaalje ûnderwiisprogramma’s op en meitsje bydragepaden dúdlik, sadat nije bydragers har maklik ynwurkje kinne, kontakt lizze mei teams, en groeie kinne nei trochgeande projektrollen.

Wolst meidwaan? Gean nei Make WordPress en moetsje de minsken dy’t WordPress ûntwikkelje, ûntwerpe, dokumintearje, oersette en yn ’e merk sette.

Takomstige releases

Folgje de foarútgong fan de folgjende grutte ferzje yn ús issue tracker. De ferwachte datums hjirûnder binne allinnich bedoeld foar rûge planningsdoelen.

FerzjePland
7.210 desimber 2026

Nije funksjes wurde in moanne foar in release beferzen, wêrby’t de fokus folslein ferskoot nei de kwaliteit en prestaasjes fan de release.

Jo kinne in list mei eardere releases sjen op ús skiednisside.

Roadmap foar de lange termyn

As oantinken: dit binne de fjouwer fazen sa’t se yn it Gutenberg-projekt omskreaun binne:

  1. Mear ienfâldich bewurkjen — Al beskikber yn WordPress, mei trochgeande ferbetteringen
  2. Oanpassingen — Sidebewurking, blokpatroanen, blokmap, bloktema’s
  3. Gearwurking — In yntuïtivere manier om mei-inoar ynhâld te skriuwen
  4. Meartalich — Kearnymplemintaasje foar meartalige siden