Natoerbeskerming

Natoerbeskerming of natoerbehâld is sawol in beskôgjende etyske en morele filosofy as in aktive beweging rjochte op 'e beskerming en dêrtroch it behâld fan 'e natoer. Spesifike speartpunten fan 'e natoerbeskerming binne it foarkommen dat bedrige soarten útstjerre, it behâlden en ûnderhâlden fan habitats, it oanfiterjen fan eksosysteemtsjinsten en it beskermjen, behâlden en/of wer yn 'e âlde steat werombringen fan it bioferskaat.
De grûnslach fan 'e natoerbeskerming wurdt foarme troch in breed ferskaat oan etyske en morele wearden. It wurdt gauris útwurke op basis fan filosofyen lykas biosintrisme, antroposintrisme en ekosintrisme. Dat binne ideologyen oangeande it miljeu dêr't ekokulturele praktiken op basearre binne. Yn 'e ienentweintichste iuw bestiet der in dúdlike beweging yn 'e rjochting fan bewiisbasearre natoerbeskerming, dy't freget om in grutter gebrûk fan wittenskiplik bewiismateriaal om 'e effektiviteit fan natoerbeskerming te ferbetterjen.
Natoerbeskerming yn syn moderne, Westerske foarm bestiet anno 2025 noch mar likernôch 160 jier en is werom te fieren op 'e publikaasje fan it boek Man and Nature, fan George Perkins Marsh, yn 1864. Op basis dêrfan ûntstie neitiid yn 'e Feriene Steaten de earste moderne natoerbeskermingsbeweging, mei as gefolch dat yn 1872 it earste nasjonaal park yn 'e wrâld oprjochte waard yn 'e foarm fan it Nasjonaal Park Yellowstone. Yn 2021 hie 16,6% fan it grûnoerflak fan 'e wrâld en 7,9% fan it see-oerflak in beskerme status as natoergebiet. Neffens de Konvinsje oangeande Bioferskaat fan 'e Feriene Naasjes moat it doel wêze om 30% fan alle lân en see in beskerme status te jaan.
Der binne gâns natoerbeskermingsorganisaasjes yn 'e wrâld; guon fan 'e bekendsten binne de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) en it Wrâldnatoerfûns (WWF). Yn Nederlân kinne natoerbeskermingsorganisaasjes opdield wurde yn terreinbehearders (Steatsboskbehear, Feriening Natoermonuminten en de Provinsjale Lânskippen lykas it Fryske Gea); stúdzje-organisaasjes (Das & Beam, De Flinterstifting, Floron, de Nederlânske Mykologyske Feriening, RAVON, SOVON, Fûgelbeskerming Nederlân en de Sûchdierferiening); en de aktivistyske miljeubeweging (Miljeudefinsje, Stifting Natoer en Miljeu, de Waadferiening, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en de Provinsjale Miljeufederaasjes lykas de Fryske Miljeufederaasje).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
