Wikipedia
Appearance

De Wikipedia is in projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Florida fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. It doel fan it projekt is om yn eltse taal in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy te meitsjen. Sa moat alle ynformaasje foar eltsenien beskikber komme. De projektnamme is in kombenaasje fan wiki in Hawaïaansk wurd foar fluch/maklik, en encyclopedia, it Ingelske wurd foar ensyklopedy.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wikipdia omfiemet de mienskip fan alle wikipedyen tegearre: Yn 2015 waard oan de Wikipedia-mienskip de Erasmuspriis en de Prinses fan Asturiëpriis foar ynternasjonale gearwurking takend.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |