close
Springe nei ynhâld

Yndia

Ut Wikipedy
Image
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Republyk Yndia
भारत गणराज्य
Bhārat Gaṇarājya
Republic of India
Flagge fan Yndia Wapen fan Yndia
Biedwurd: Satyameva Jayate
"(Allinne de wierheid oerwint)"
Folksliet: Jana Gana Mana
Image
HaadstêdNew Delhi
Offisjele taalHindy
Ingelsk
SteatsfoarmFederale republyk
- presidintDroupadi Murmu
- regearliederNarendra Modi
Unôfhinklikheid15 augustus 1947 (fan it Feriene Keninkryk)
26 jannewaris 1950 (republyk wurden)
Oerflak3.287.263 km²
- lân2.973.193 km²
- wetter314.070 km²
Ynwennertal1.210.193.422 (2011)
1.470.000.000 (rûzing 2026)[1]
Befolkingstichtens481 ynw./km²
MuntienheidYndiaaske rûpy (INR)
TiidsôneUTC +5:30 (UTC+5:30)
- simmertiidgjin
Nasjonale feestdei26 jannewaris (Dei fan de Republyk)
15 augustus (Unôfhinklikheidsdei)
2 oktober (Gandhi Jayanti)
Ynternetdomein.in
Telefoan+91
ISO 3166IN, IND, 356
1. Njonken Hindy en Ingelsk erkent de grûnwet noch 22 oare regionale talen.
2. Yndia hat sûnt 2023 Sina ynhelle as it lân mei de measte ynwenners op 'e wrâld.

Yndia is in lân yn Súd-Aazje, oan de Yndyske Oseaan. De haadstêd is New Delhi en de presidint fan de republyk is sûnt 2022 Droupadi Murmu.

Yndia wurdt begrinzge troch:

Image
De berch Kanchenjunga.

Yndia is in grut skiereilân. Lânskiplik kin it yn trije parten opdield wurde:

It noarden fan it lân leit yn de Himalayaberchrige en syn útrinners Pamir en Karakoram en is dêrtroch tige bercheftich. De Kanchenjunga mei 8.598 meter is it heechste punt.

Fierder nei it suden lizze de grutte flakten. Hjir rinne ek de grutte rivieren, de Ganges en de Brahmaputra, dy't útkomme yn de noardein fan de Baai fan Bengalen. Troch dizze rivieren is it gebiet tige fruchtber.

Yn it westen leit de Tharwoastyn en yn it suden leit in grut plato, it Dekan. Dat plato leit tusken de Baai fan Bingalen en de Arabyske See. Oan beide kanten wurdt it plato begrinzge troch berchrigen, de westlike en eastlike Ghats.

It klimaat is subtropysk oant tropysk.

Yndia is in federale republyk, ferdield yn 28 dielsteaten en 8 uny-territoaria. Dit systeem is fêstlein yn 'e grûnwet fan 1950. De ferdieling is troch de jierren hinne faak feroare, foaral yn 1956, doe't de steaten op basis fan taalgrinzen op 'e nij yndield waarden.

In dielsteat yn Yndia hat in grutte mjitte fan selsbestjoer. Eltse dielsteat hat in eigen keazen parlemint en in eigen regear, laat troch in Chief Minister (haadminister). De presidint fan Yndia stelt foar eltse steat in gûverneur oan as formeel haad, al is dy rol benammen seremonieel. De steaten binne sels ferantwurdlik foar saken lykas plysje, ûnderwiis, lânbou en folkssûnens. De grutte fan 'e steaten ferskilt: de steat Uttar Pradesh hat mear as 200 miljoen ynwenners, wylst Goa lytser is as de provinsje Fryslân.

De moderne minske kaam net letter as 55.000 jier lyn fanút Afrika op it Yndiaaske subkontinent oan. Harren lange oanwêzigens, foaral yn isolemint as jagers-samlers, hat de regio tige ferskaat makke. Likernôch 9000 jier lyn ûntstie der op it subkontinent oan 'e westlike rânen fan it streamgebiet fan 'e Indus fêste bewenning. Stadichoan ûntwikkele dy bewenning ta de Yndusbesaving fan it tredde milennium f.Kr. Tsjin 1200 f.Kr. wie in argayske foarm fan it Sanskryt, in Yndo-Europeeske taal, út it noardwesten wei Yndia ynstrûpt. De hymnen dêrfan leine de earste foarmen fan it hindoeïsme yn Yndia fêst. De al besteande Dravidyske talen fan Yndia waarden út de noardlike regio's ferkrongen. Tsjin 400 f.Kr. wie it kastesysteem yn it hindoeïsme ûntstien en kamen it boedisme en jaïnisme op, dy't sosjale klassen los fan erflikheid beskôgen. Iere politike konsolidaasjes lieden ta de opgong fan los organisearre riken fan 'e Maurya en de Gupta. Yn dy tiid bloeide de kreativiteit yn keunst, arsjitektuer en literatuer, mar de status fan 'e frou naam ôf en it pariakonsept waard in ûnderdiel fan it leauwen. Yn Súd-Yndia eksportearre de Middelkeninkriken Dravidyske skriften en religieuze kultueren nei de keninkriken fan Súdeast-Aazje.

Yn it earste milennium fêstigen it joadedom, it kristendom, de islam en it soroästrisme har oan 'e súdlike en westlike kusten fan Yndia. Yn 'e iere iuwen fan it twadde milennium oerrompelen islamityske legers út Sintraal-Aazje de noardlike flakten fan Yndia. It Sultanaat fan Delhi dat dêrút ûntstie, luts Noard-Yndia yn 'e kosmopolityske netwurken fan 'e midsiuwske islam. Yn Súd-Yndia soarge it Vijayanagara-ryk foar in langduorjende, gearstalde hindoekultuer. Yn 'e Punjab ûntstie it sikhisme, dat it ynstitúsjonalisearre leauwe ôfwiisde. It Mogolryk liede twa iuwen fan ekonomyske groei en relative frede yn en liet in ryk arsjitektoanysk erfgoed nei.

De stadichoan útwreidzjende macht fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy feroare Yndia yn in koloniale ekonomy, mar konsolidearre ek de soevereiniteit fan it gebiet. It direkte bestjoer fan 'e Britske kroan begûn yn 1858. De rjochten dy't de Yndiaaske befolking tasein wiene, waarden mar stadichoan jûn, mar technologyske feroarings waarden trochfierd en moderne ideeën oer ûnderwiis en it publike libben krigen foet oan 'e grûn.

Der ûntstie in nasjonalistyske beweging yn Yndia, de earste yn it net-Europeeske part fan it Britske Ryk, dy't fan grutte ynfloed wie op oare nasjonalistyske bewegingen. De beweging, dy't nei 1920 ferneamd waard om it geweldleas ferset, waard de wichtichste faktor by it beëinigjen fan it Britske bestjoer. Yn 1947 waard it Britsk-Yndyske Ryk ferdield yn twa ûnôfhinklike lannen: Yndia mei in hindoemearderheid en Pakistan mei in moslimmearderheid. In grutskalich ferlies fan libbens en in net earder foarkommende migraasjestream beselskippen dy opdieling.

Image
Befolkingstichtens

Yndia is it lân fan de wrâld mei de grutste befolking. Yn dit lân foarmje taal, religy en it kastensysteem in tige wichtige grûn foar it bepale fan ien syn posysje yn de maatskippij. Yn it suden (Súd-Yndia) wenje fral donkerkleurige Dravidjers en yn it noarden stamme de minsken ôf fan de ljochter kleurde Yndo-Aarjers dy't letter, om-ende-by 3500 jier lyn yn Yndia arrivearren.

Oan it begjin fan de 20e iuw telde Yndia 250 miljoen ynwenners, dat oantal is yn distiid mear as ferfjouwerfâldige. Yn april 2023 hie it lân 142,86 miljoen minsken; dêrmie hie it mear ynwenners as it eardere grutste lân, Sina.

Image
Ganesj yn Aurangabad
Image
Strjitbewenners fan Bombay

Yndia stie oan de widze fan ferskate religys, wêrûnder it Hindoeïsme, Boedisme en it Sikhisme. Ek de Islam hat in wichtige ynfloed hân op de Yndiaaske kultuer en Yndia heart, mei Yndoneezje en Pakistan ta de top trije fan lannen mei it grutste oantal moslims. Offisjeel hat Yndia gjin steatsgodstsjinst en is dêrtroch in sekulier lân.

Oantal oanhingers fan religys neffens de lêste telling fan 2001[2]:

ReligyOantal%Top 3 steaten e.s. (%)
Hindoeïsme827.578.86880,5%Himachal Pradesh, Chhattisgarh, Orissa
Islam138.188.24013,4%Laccadiven, Jammu en Kasjmir, Assam
Kristendom24.080.0162,3%Nagaland, Mizoram, Meghalaya
Sikhisme19.215.7301,9%Punjab, Chandigarh, Haryana
Boedisme7.955.2070,8%Sikkim, Arunachal Pradesh, Mizoram
Jaïnisme4.225.0530,4%Maharashtra, Delhi, Rajasthan
Oare religys6.639.6260,6%Arunachal Pradesh, Jharkhand, Meghalaya

Under de oare religys wurde rekkene de oanhingers fan it Zoroastrisme, it Bahá'í-leauwen en it Joadendom. Nei skatting wenje der om-ende-by 5.000 joaden yn Yndia, de measten yn en om Bombay.

Yn Yndia wurde lokaal in protte ferskate talen sprutsen. De wichtichste taal is it Hindy dat krektas it âlde Sanskryt skreaun wurdt yn it Devanagary-skrift. It Hindy is de earste offisjele taal, dy't troch de federale oerheid brûkt wurdt. It Ingelsk wurdt troch de federale oerheid brûkt om mei steaten dêr't it Hindy net de offisjele taal is te kommunisearjen en is populêr yn it sakelibben, yn regearingssaken en yn net-Hindy sprekkende steaten. Utsein Hindy, hat Yndia noch 21 oare offisjele talen. Lang om let hat Yndia noch 392 oare libjende talen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WorldoMeter, oproppen 5 april 2026; sûnt 2011 is der gjin offisjele folkstelling publisearre. De folkstelling fan 2021 is fanwegen de COVID-epidemy útsteld. It neamde sifer is in rûzing foar healwei 2026 fan 'e WordoMeter, dy't basearre is op algoritmes fan 'e Feriene Naasjes, mar dan trochrekkenre nei de dei fan hjoed.
  2. Census 1 maart 2001: Religious Composition/Census 1 maart 2001: Data on Religion (fia archive.org)