close
Springe nei ynhâld

Pallaskat

Ut Wikipedy
pallaskat
Image
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaipallaskatten (Otocolobus)
Brandt, 1841
soarte
Otocolobus manul
Pallas, 1776
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Image

De pallaskat of Pallas' kat (wittenskiplike namme: Otocolobus manul), ek wol de manûl neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it monotypyske skaai fan 'e pallaskatten (Otocolobus). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan Sintraal-Aazje en West-Aazje en teffens yn it noarden fan Súd-Aazje en it westen fan East-Aazje. De pallaskat is ferneamd nei syn beskriuwer, de achttjinde-iuwske Dútske soölooch Peter Simon Pallas. It is in lytse, solitêr libjende kateftige dy't fral oerdeis en yn 'e skimer aktyf is. As karnivoar fret er benammen kjifdieren en hazze-eftigen. Syn tige lange, tichte pels beskermet him ek winterdeis tsjin it kâlde lânklimaat fan syn ferspriedingsgebiet. De IUCN klassifisearret de pallaskat as net bedrige.

De pallaskat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1776, troch de Dútske soölooch Peter Simon Pallas, dy't yn it Keizerryk Ruslân wurke. Hy basearre syn beskriuwing op in spesimen dat er tsjinkommen wie yn sintraal Sibearje, yn 'e neite fan 'e rivier de Dzjida, súdwestlik fan 'e Baikalmar. Pallas joech it bist de wittenskiplike namme Felis manul. It skaai Felis, dat tsjintwurdich reservearre is foar de wylde katten, wie doe noch in sammelbak foar alle kateftigen. It monotypyske skaai fan 'e pallaskatten (Otocolobus) waard yn 1842 foar dit bist yntrodusearre troch Johan Friedrich von Brandt. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, manul, is de namme foar dit bist yn it Mongoalsk. De algemiene gebrûksnamme "pallaskat" waard betocht troch William Thomas Blanford om Pallas en syn wurk te earjen.

Image
In pallaskat yn 'e Edinburgh Zoo yn Edinburgh.

De pallaskat is binnen de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) wierskynlik it naust besibbe oan 'e loaihoarskatten (Prionailurus), dy't ek yn Aazje foarkomme. De lêste mienskiplike foarâlder fan 'e pallaskat en de loaihoarskatten libbe nei alle gedachten 8,6–4,8 miljoen jier lyn, sa hat ûndersyk nei it nukleêr DNA fan 'e bisten útwiisd. Undersyk nei it mitogondriaal DNA wiist der lykwols op dat de pallaskat nauwer besibbe is oan 'e wylde katten (Felis), dêr't er him tusken 9,4 en 1,5 miljoen jier lyn fan ôfspjalten hawwe soe. Hoe't dy diskrepânsje ferklearre wurde moat, is noch net dúdlik, mar it hat mooglik te krijen mei fan natuere foarkommende hybridisearring fan ferskillende soarten kateftigen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e pallaskat wreidet him út oer grutte dielen fan Sintraal-Aazje, wêrûnder Kirgyzje, westlik Turkmenistan, it easten fan Kazachstan, Oezbekistan en Tadzjikistan, sintraal en eastlik Afganistan en it grutste part fan Sinkiang-Oeigoerje, Tibet en Mongoalje. Dit bist komt ek foar yn in diel fan súdlik Sibearje, te witten yn it Altaiberchtme, de krite besuden de Baikalmar en it súdlike part fan 'e Transbaikal.

Yn West-Aazje libbet de pallaskat yn grutte dielen fan sintraal, noardeastlik en noardwestlik Iraan oant yn 'e Lytse Kaukasus yn Azerbeidzjan en Armeenje, dêr't de fersprieding lykwols fragmintarysk is. Fierders is dizze kateftige ek lânseigen yn it noarden fan Súd-Aazje, spesifyk yn it berchlân fan westlik Pakistan en yn 'e Himalaya fan noardlik Pakistan fia noardlik Yndia, Nepal en Bûtan nei noardeastlik Yndia. Yn sintraal Sina rint de eastgrins fan it ferspriedingsgebiet fan 'e pallaskat troch Sichuan, Qinghai en Binnen-Mongoalje hinne.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pallaskat is in lytse kateftige mei in kop-romplingte fan trochinoar 46–65 sm, in sturtlingte fan 21–31 sm en in gewicht fan 21/2–41/2 kg. Dêrmei is er fan ferlykbere grutte as de hûskat (Felis catus). De plasse is plat en breed. De earen foarmje ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan dit bist. Se binne rûn ynstee fan trijehoekich, lykas de earen fan 'e hûskat, en sitte mear oan 'e sydkant fan 'e kop, sadat in pallaskat oer de bopperâne fan in rots of in oar foarwerp hinne sjen kin en dêrby mar in relatyf lyts diel fan 'e kop boppe de eagen hoecht te toanen. Ek hoecht er de earen net plat te tearen. Dit fysike skaaimerk makket dat de pallaskat foar minsken dy't de útdrukkings fan in hûskat wend binne, altyd lulk of teminsten yrritearre liket. De foarpoaten hawwe 5 en de efterpoaten 4 teannen, allegear tarist mei ynlûkbere, fjoerskerpe klauwen.

Image
In pallaskat fan deunby besjoen.

De pels fan 'e pallaskat is tige lang en ticht, mei't er syn eigner waarm hâlde moat yn it lânklimaat fan Sintraal-Aazje, dêr't temperatueren winterdeis sakje kinne oant –50 °C. It boppehier kin wol oant 6,9 sm lang wêze en it ûnderhier is 4 sm lang. Der groeie by guon eksimplaren wol 9.000 hierren de sm². De pels is foar it meastepart ljochtgriis fan kleur, hoewol't er op guon plakken út 'en gielens of út 'en readens skynt. De úteinen fan guon hierren binne wyt en dy fan oaren swart. By 't winter is de pels grizer en tichter as simmerdeis.

De boppekant fan 'e kop en de foarholle binne ljochtgriis mei swarte spikkels. Oer de wangen, dy't ek ljochtgriis binne, rinne swarte sigesagelinen fan 'e eachhoeken nei de kaakgewrichten. It kin, de boppelippe en de snorhierren binne wyt mei in oranjige gloede en de noas is readbrún. Oer de ûnderrêch rinne 5–7 oerdwerse swarte streken, dy't simmerdeis better te sjen binne as by 't winter. De sturt is griis mei 7 smelle swarte ringen en in swarte útein.

De pallaskat bewennet bercheftige kriten mei strewelleguod, berchgreiden, púnskeanten, rotsen en ravinen. Hy jout de foarkar oan gebieten dêr't de snie by 't simmer fuortteit of dêr't it ivich snietek minder as 15–20 sm djip is. Ek komt er foar op hege plato's en yn tuskenberchske dellingen mei in lânskip en fegetaasje fan 'e drûge steppe of de healwoastyn, lykas lege strûken en kserofityske gerzen. Guon dielen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e pallaskat hawwe in ferskil yn temperatuer tusken simmer en winter dat 80 °C berinne kin, fan 30 °C simmerdeis oant –50 °C by 't winter. Yn 'e Himalaya komme pallaskatten foar oant op in hichte fan 5.593 m (dêr't yn 2016 kjitte fan dit bist oantroffen waard yn it Nasjonaal Park Shey Phoksundo yn Nepal).

Image
Berchskeanten en dellingen yn 'e Hindoe Kûsj yn Pakistan. Dit is foar de pallaskat habitat sûnder lek of brek.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pallaskatten libje in solitêr bestean en hawwe inkeld yn 'e peartiid gedoente mei soartgenoaten. Ut in ûndersyk út Mongoalje die bliken dat de bisten fan maaie oant en mei augustus benammen krepuskulêr wiene, d.w.s. aktyf yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage, wylst se fan septimber oant en mei novimber benammen oerdeis aktyf wiene.

Pallaskatten fêstigje territoaria, dy't troch de mantsjes ôfset wurde mei rookflaggen troch foarwerpen mei urine te besproeien. Wyfkes dogge dat, ynsafier bekend, net. De territoaria fan mantsjes fariëarje yn oerflak fan 20,9 km² oant 207 km² en dy fan wyfkes fan 7,4 km² oant 125,2 km². De grutte fan it oerflak hinget ôf fan 'e beskikberens fan genôch proaien yn in gebiet. De territoaria fan beide geslachten oerlaapje dy fan beide geslachten. Winterdeis lykje de territoaria te krimpen.

As skûle tsjin kjeld en min waar of krekt de waarmte fan 'e simmer brûke pallaskatten grotten, rotsspjalten, ferlitten hoalen dy't groeven binne troch marmotten en soms sels beamholten. De skûlen dy't se simmerdeis brûke, binne net deselden dy't se by 't winter bewenje, en dêrnjonken is der noch in trêde kategory dy't de wyfkes brûke om jongen te smiten en grut te bringen. De simmerskûlen en de skûlplakken foar de jongen lizze heger en binne dreger tagonklik, wylst de winterskûlen oer it algemien leger lizze, op beskutte plakken yn ravinen en kleauwen.

De peartiid falt foar de pallaskat yn 'e perioade fan begjin febrewaris oant en mei ein maart. It wyfke is dêrby mar 26–42 oeren maartsk. Yn 'e oanrin nei de peartiid, fan septimber oant en mei jannewaris wurde mantsjes hieltyd agressiver territoriaal. By in mantsje dat ûnder natuerlike beljochting yn finzenskip holden waard, die by ûndersyk bliken dat syn bloed doe trijeris safolle testosteron befette as normaal. Syn sperma wie sterker konsintrearre mei siedsellen dy't in hegere motiliteit sjen lieten. Nei de pearing hat it mantsje fierders neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean.

Image
In pear pallaskattejongen.

Nei in draachtiid fan 66–75 dagen smyt it wyfke fan ein april oant en mei ein maaie yn in spesjaal foar dat doel útkeazen skûle in nêst fan trochinoar 2–6 jongen. De jongkatsjes komme blyn te wrâld, mar hawwe al wol in pluzige pels. Se mjitte by de berte likernôch 12,3 sm (kop-romp), mei in 51/2 sm lang sturtsje en in gewicht fan likernôch 89 g. De mem ferpleatst se ornaris gauris nei in oare skûle; sa waard by in ûndersyk yn sintraal Mongoalje waarnommen dat 7 wyfkes mei jongen 20 ûnderskate skûlplakken brûkten, mei in minimale gebrûksdoer fan 4 dagen en in maksimale gebrûksdoer fan 60 dagen.

Mei 2 wiken geane de eachjes iepen. Mei 2 moanne (tiid)|moannen]] weagje de jongen al 500–600 g. De jongkatsjes wurde mei 4–5 moannen ôfwûn. Mei 5 moannen begjinne se sels te jeien. Mei 6–7 moannen binne se folwoeksen, mar se wurde pas mei 1 jier geslachtsryp. De libbensferwachting fan pallaskatten bedraacht yn it wyld 6 jier, mar yn finzenskip kinne se wol 111/2 jier wurde.

De pallaskat is, lykas alle kateftigen, in karnivoar. It is in tige spesjalisearre rôfdier dat benammen lytsere sûchdieren bejaget, lykas kjifdieren, hazze-eftigen en pipermûzen (dat gjin kjifdieren binne, mar ynsekte-iters, besibbe oan mollen en stikelbargen). In faak foarkommende strategy is om bûten de hoale fan in proai op 'e loer te lizzen oant de bewenner nei bûten komt en dy dan te bespringen. Soms wurde proaien ek wol mei de klauwen út ûndjippe hoalen te foarskyn lutsen.

Image
In pallaskat.

Yn it Altaiberchtme binne it langsturtgrûniikhoarntsje (Urocitellus undulatus), de platplassepipermûs (Sorex roboratus) en de pallasfluithazze (Ochotona pallasi) de foarnaamste proaien. Yn 'e Transbaikal binne dat de Dauryske fluithazze (Ochotona dauurica), de steppefluithazze (Ochotona pusilla), it Daurysk grûniikhoarntsje (Spermophilus dauuricus) en de Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax). Yn sintraal Mongoalje giet it om 'e Dauryske fluithazze, de Mongoalske sânmûs (Meriones unguiculatus), de Mongoalske berchwrotmûs (Alticola semicanus), ferskate lytse soarten moskeftigen en sels krobben en sprinkhoannen. Doe't tusken 2017 en 2020 yn eastlik Mongoalje de populaasje fan 'e steppewrotmûs (Lasiopodomys brandtii) oanwoeks ta pleachproporsjes, dominearre dat bist it dieet fan 'e pallaskatten yn dy krite. Yn westlik Nepal stiene dan wer ferskate soarten fluithazzen en de Tibetaanske hazze (Lepus oiostolus) op it menu. Yn sintraal Sina binne de resten fan koarpereftige fisken yn 'e kjitte fan pallaskatten oantroffen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e pallaskat binne gruttere rôfdieren, lykas de wolf (Canis lupus) en it snieloaihoars (Panthera uncia). De jongen binne kwetsber foar folle mear rôfdieren, wêrûnder martereftigen, haukfûgels en ûlen.

De pallaskat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat is dit bist opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e neamde bisten. Yn beskate dielen fan it ferspriedingsgebiet is it mei de pallaskat yn it neigean rekke. Sa hat dit bist yn Mongoalje de status fan gefoelich, yn Sina fan bedrige en yn Turkmenistan fan krityk bedrige.

Image
De pallaskat sjocht der troch de pleatsing fan 'e earen altyd wat sjagrinich út.

Pallaskatten waarden mids tweintichste iuw yn Sibearje, Mongoalje en Sina fûleindich bejage om harren pelzen. Der waarden doe jiers mear as 10.000 eksimplaren deade. Yn 'e 1970-er jierren belune de jacht op 'e pallaskat sterk yn sawol Sina as de Sovjet-Uny, mei't it bist yn dy tiid yn beide lannen in beskerme status krige. Mongoalje eksportearre yn 1987 noch 9.185 pelzen, mar yn 1988 waard ek yn dat lân it near lein op 'e ynternasjonale hannel. Foar de binnenlânske hannel is it yn Mongoalje lykwols noch altyd tastien om pallaskatten te bejeien.

Der binne ek gefallen bekend út Iraan, Kazachstan en de Republyk Altai yn 'e Russyske Federaasje fan pallaskatten dy't deabiten waarden troch hardershûnen. Yn Kazachstan en súdlik Sibearje wurde de bisten soms ek it slachtoffer fan strûpen dy't útset binne foar oar lyts wyld. Yn 'e Transbaikal foarmet opsetlike streuperij in bedriging foar dit bist. Yn Mongoalje binne yn 'e ienentweintichste iuw troch it gebrûk fan 'e pestiside bromadiolon, dat ynset wurdt om 'e kjifdierepopulaasjes yn 'e besnijing te hâlden, de ûnderste triemmen fan it fiedselstring fergiftige foar sawol lânrôfdieren as rôffûgels. Yn it troch Sina besette Tibet waard fan 2005 oant 2009 54.147 km² oan gerslân mei pestisiden fergiftige, mei as gefolch dat nei skatting 50.000–80.000 ton oan biomassa yn 'e foarm fan fluithazzen weiwaard. De pallaskattepopulaasje dêre, dy't foar in grut part bestiet fan 'e jacht op fluithazzen, hie dêr slim ûnder te lijen. Ek habitatfragmintearring troch mynbou en de oanlis fan ynfrastruktuer hat in negative ynfloed op 'e pallaskat.

Der binne 2 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e pallaskat (Otocolobus manul):

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.